Roes nei EK shorttrack, en KNSB hâldt romte foar Sjinkie by World Cups

07 jan 2020 - 17:12

De KNSB hat de nammen bekend makke fan de riders dy't meidogge oan it EK shorttrack yn Hongarije, de ISU World Cup 5 yn Dútslân en de ISU World Cup 6 yn Nederlân. Ferskate Fryske riders sille op dizze toernoaien foar TeamNL yn aksje komme. Sven Roes is ien fan harren.

Foto: www.orangepictures.nl

Yoga

Roest is 'superbliid' mei syn dielname oan it Europeesk kampipoenskip, sei er tsjin Omrop Fryslân. Hy waard ôfrûne wykein ek al Nederlânsk kampioen. Dêr koe er net fan sliepe, sa oeral wie er derfan. Mooglik hawwe yoga-lessen meispile by de suksessen, want Sven en syn teamgenoaten krije dat sûnt koart om ûntspannener te riden.

Ferslachjouwer Willem de Vries praat mei Sven Roes dy't oan it trainen is op Thialf

  • EK shorttrack yn Debrecen, Hongarije (24-26 jannewaris): Suzanne Schulting, Rianne de Vries, Ithzak de Laat, Daan Breeuwsma, Sven Roes en Dennis Visser
  • ISU World Cup 5 yn Dresden, Dútslân 7-9 jannewaris): Suzanne Schulting, Rianne de Vries, Ithzak de Laat, Daan Breeuwsma en Sven Roes
  • ISU World Cup 6 yn Dordrecht (14-16 febrewaris): Suzanne Schulting, Rianne de Vries, Ithzak de Laat, Daan Breeuwsma

Wy prate mei Dave Versteeg, trainer fan Sven Roes

(advertinsje)
(advertinsje)