Syktocht skutter Mearum geande

10 jul 2012 - 14:00

De plysje is noch altiten oan it sykjen nei in man dy't derfan fertocht wurdt dat er tiisdeitemoarn in ynwenner fan it Grinslanner Mearum deasketten hat. Dat barde by it swimbad yn it doarp. It 40-jierrige slachtoffer wurke by in bedriuw yn Drachten.

De fertochte is útnaaid yn in opfallende pearse auto mei gouden letters en in Belgysk kenteken. Hy is foar it lêst sjoen op de N388. De plysje hat foar de syktocht ûnder oare in helikopter ynset. Oant no ta sûnder risseltaat.

De plysje warskôget minsken om sels gjin aksje te ûndernimmen as se de auto sjugge, mar fuortendaliks mei 112 te beljen.

Kollega's fan de 40-jierrige man dy't deasketten is, binne bot oandien. Se begripe der neat fan. Se beskriuwe him as in joviale en sportive man.

Trefwurden: 
syktocht skutter Mearum
(advertinsje)