Praktysk leare yn 'distribúsjesintrum': Spannend want der sit druk op

Learlingen fan regionaal opliedingssintrum de Friese Poort leare yn de praktyk hoe't it wurket yn de logistyk yn it nije Westereen Hannelsintrum. It 'libbensecht leare' dêr set tiisdei offisjeel útein. De loads wurket as in soarte distribúsjesintrum fan boeken.
Westereen Hannelssintrum
Yn in loads dêr't it hannelssintrum yn sit, lizze boeken opslein fan ûnder oare útjouwerij Friese Pers Boekerij. De boeken binne opkocht troch in pleatslike ûndernimmer. Der lizze ek oare, aktuele boeken dy't fan boekhannels komme en dy't nei de biblioteken ta moatte. Mei in spesjale masine plastifisearje de learlingen de boeken en se meitsje klear om te ferstjoeren, it saneamde 'order picking'. De learlingen binne entûsjast oer it wurk. Se fine it tagelyk ek spannend, want der sit wol druk op.
Yn it hannelssintrum wurket de skoalle gear mei pleatslike ûndernimmers, biblioteken, de gemeente Dantumadiel en Kennislab Noardeast-Fryslân. De biblioteken binne tige bliid mei de gearwurking, seit direkteur Paulien Schreuder fan Biblioteken Noard-Fryslân.
© Omrop Fryslân
Undernimmer Sierd Henk: Yn 2017 begûn it hjir yn de loads
Ferslachjouwer Johanna Brinkman oer it Westereen Hannelssintrum (2)