Wyt hert yn Fryslân sinjalearre

13 nov 2011 - 17:07

Yn de bosken by Aldeberkeap sit in seldsum wyt hert. De 21-jierrige Armanda Stuiver út Aldeberkeap ûntduts it hert mei gewei dizze wike doe't se by de bosk del ried. Se gie de bosk yn en filme it hert tegearre mei noch in lytser swart hert. Stuiver hat dêrnei noch faker de bosk yn west, mar koe it net mear fine.

It bart net faak dat yn Nederlân wite herten te sjen binne. Faaks giet it om in albino dy't troch de roedel ferstjitten is. In albinohert kin minder goed oerlibje omdat it sicht net goed is. Ek is it in makliker proai foar rôfbisten.

Stuiver wol it plak dêr't se it bist sjoen hat net bekend meitsje. Se is benaud dat der te folle nijsgjirrige minsken op ôfkomme.

Trefwurden: 
wyt hert Aldeberkeap
(advertinsje)