Skylger festival Eilân giet dit jier net troch

07 jan 2020 - 16:01

Festival Eilân op Skylge sil ek yn 2020 net trochgean. Dat lit de gemeente Skylge witte. De organisaasje hat noch gjin fergunningoanfraach dien. Earder woe de festivalorganisaasje dit jier wol in edysje en hie dêr ek al in datum foar útkeazen.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Ofrûne jier wie der in soad te dwaan rûnom de organisaasje fan it festival by de mar fan Hee. Gemeente Skylge die der alles oan om it festival trochgean te litten. Podia, barren en drank wiene al nei it festivalterrein brocht, bands wiene boekt en alle tickets wiene ferkocht, doe't it festival op it lêste momint net trochgean mocht. De rjochter sette in streek troch de fergunning neidat de beswiermakkers fan it festival, Stichting Ons Schellingerland, nei de rjochter stapten.

Oerol

Foar it earst giet it festival Oerol wol gewoan troch. Siart Smit, direkteur fan Oerol, seit hjir gjin soargen oer te hawwen. It festival hâldt him altyd al dwaande mei it sa lyts mooglik hâlden fan de saneamde ekologyske fuotprint.

It iennige wat der foar harren feroare is, is dat it fergunningstrajekt in stik dreger en djoerder wurden is. Foar ein jannewaris sil de organisaasje de trije nedige fergunningen oanfreegje. Dit giet yn goed oerlis mei gemeente en provinsje, seit Smit.

De organisaasje fan it festival wit lykwols net oft der ek partijen beswier oantekenje sille. Mar omdat se it trajekt sa soarchfâldich trochrûn hawwe, ferwachtsje se dat net.

Trefwurden: 
Skylge festival eilân
(advertinsje)
(advertinsje)