Oranje-follyballers, mei Snitser Gijs van Solkema, net nei Olympyske Spelen

07 jan 2020 - 15:43

De Nederlânske follybalmanlju, mei Gijs van Solkema fan Snits yn de seleksje, binne tiisdeitemiddei útskeakele op it Olympysk kwalifikaasjetoernoai (OKT) yn Berlyn. Tsjin Bulgarije waard, lykas in dei earder tsjin Servië, mei 3-0 ferlern.

Foto: Orange Pictures

By it OKT leit foar de winner in ticket nei de Spelen yn Tokio klear. Om dêr kâns op te meitsjen hie Nederlân tiisdeitemiddei winne moatten fan Bulgarije. Dat siet der dúdlik net yn. De Bulgaren wiene mei 25-19, 25-16 en 25-15 fiersten te sterk foar Oranje.

Troch de nederlaach kin Nederlân de heale finale fan it OKT net mear berikke. Moandei waard der ek al kânsleas ferlern fan Servië (25-18, 25-18, 25-17). Woansdei spilet Nederlân de lêste pûlwedstriid fan it toernoai tsjin Frankryk.

Trefwurden: 
follybal Gijs van Solkema
(advertinsje)
(advertinsje)