Tennisser Arends: "De lucht in Canberra was de giftigste ter wereld"

07 jan 2020 - 14:15

Australië stiet yn 'e brân en dêr liket gjin ein oan te kommen. Troch it waar, mei temperatueren oant wol fyftich graden, de wyn en de oanhâldende drûchte stean helpferlieners somtiden machteleas tsjin de flammen. Mar yn Australië giet it deistich libben ek gewoan troch. Oer oardel wike moat de Australian Open fan start gean, ien fan de fjouwer grutste tennistoernoaien fan 'e wrâld. Ien fan de dielnimmers is dûbeldspesjalist Sander Arends fan Ljouwert.

Foto: ANP

Arends reizge op 31 desimber nei Australië, om dêr trije toernoaien te spyljen. Mei it fleantúch gie de tennisser nei Melbourne, om dêrnei mei de auto 650 kilometer nei de haadstêd Canberra te riden foar it earste toernoai. Mar Canberra leit middenyn it gebiet mei boskbrannen.

Giftichste loft fan 'e wrâld

"Onderweg zagen we dikke rookwolken en allerlei bermbranden", sa lit Arends út Australië wei witte. "Toen we uiteindelijk in Canberra aankwamen en uitstapten, wisten we meteen dat het foute boel was. Het rook naar as. Er hing een hele giftige lucht. Je had ook verminderd zicht."

De loft yn Canberra wie op dat momint de giftichste fan 'e wrâld. "Het werd ten strengste afgeraden om überhaupt naar buiten te gaan. Maar ook binnen in het hotel rook je de vieze lucht."

Foto: ANP

De organisaasje fan it toernoai koe net oars dan it toernoai ferpleatse. It waard ferpleatst nei de stêd Bendigo, sa'n 600 kilometer fierderop. "Hier is niet veel aan de hand, het is hier niet omringd door bossen. Wel is hier ook veel rook langsgekomen. Inmiddels is het iets opgehelderd. Daar zijn we blij mee."

"Hun trots staat in vuur en vlam"

Arends is bot ûnder de yndruk fan de boskbrannen en wat it mei de minsken yn Australië docht. "Het heeft een enorme impact op de mensen hier. Mensen zijn nog steeds heel vriendelijk en behulpzaam, maar het is hier hun land, hun trots dat in vuur en vlam staat."

Sander Arends fanút Australië

Oer oardel wike moat de Australian Open begjinne yn de stêd Melbourne. Neffens de organisaasje binne der trije stadions dêr't it dak ticht kin wêrtroch de reek bûten bliuwt. Mar spilers dy't no al traine op de banen yn Melbourne litte witte dat se al nei in oere problemen ha mei sykheljen.

Professionals

"Gezondheid is het allerbelangrijkste. Zowel voor de mensen hier maar ook voor ons als tennissers", sa seit Arends op de fraach hoe't hy nei it toernoai sjocht. "Op het moment dat wij een topprestatie moeten leveren in giftige lucht, dat kan niet goed zijn. Maar ik ga er vanuit ze op de Australian Open professionals hebben, die alles goed in de gaten houden. Maar de prioriteit ligt bij het onder controle krijgen van de bosbranden. Dat is veel belangrijker dan het toernooi zelf."

(advertinsje)
(advertinsje)