Boazumer (18) dy't plysjeman mei mes ferwûne kriget wurkstraf

07 jan 2020 - 13:19

In 18-jierrige Boazumer hat in wurkstraf fan tachtich oeren krigen foar it ferwûnjen fan in plysjeman mei in keukenmes. De helte fan de straf is ûnder betingst. Ek moat de man 750 euro smertejild betelje oan de agint.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De plysjes wiene ôfkommen op in oprop fan de heit fan de fertochte. De heit wie ûngerêst nei't syn soan it hûs ferlitten hie. Dy hie roppen dat hy himsels en oaren fermoardzje soe, nei't syn relaasje einige.

Grut keukenmes

Doe't de aginten de Boazumer oansprutsen, die bliken dat hy in grut keukenmes by him hie. De punt fan it mes stuts troch syn mouwe hinne. Doe't de plysjes him ûnder kontrôle besochten te krijen, rekke ien fan har ferwûne oan de ûnderearm.

Neffens de Boazumer hat hy de agint net bewust ferwûne, mar de agint ferklearre dat hy wol ferskate kearen in beweging mei it mes makke hat. De plysjeman is noch hieltyd yn behanneling by in psycholooch en is bot oandien troch it barren.

Trefwurden: 
plysje rjochtbank Boazum
(advertinsje)
(advertinsje)