Keunstner Sjoerd de Vries (78) ferstoarn

07 jan 2020 - 11:59

De Fryske keunstskilder Sjoerd de Vries is tiisdei yn syn wenplak Ljouwert ferstoarn. Hy waard 78 jier. De Vries wie yn mar ek bûten Fryslân benammen ferneamd om syn portretten.

"Hij was een hele bijzondere kunstenaar, de enige in zijn soort", fertelt Susan van den Berg fan Museum Belvédère. Se is kenner fan it wurk fan Sjoerd de Vries. "Hij heeft niet alleen portretten, maar ook stillevens en naakten gemaakt. De klassieke thema's binnen de kunstgeschiedenis hanteerde hij, maar hij gaf er een hele moderne expressie en techniek aan, een techniek die hij zelf had ontwikkeld."

Lanlik sukses

Dochs waard er net allinnich sjoen as Frysk keunstner. "In 2016 hebben we een grote overzichtstentoonstelling van hem gehad bij ons in het museum. Toen zijn er veel bruiklenen van buiten de provincie getoond. Er zijn ook hele mooi tentoonstellingen geweest in onder andere Den Haag en Laren. Hij heeft echt triomfen gevierd", leit Van den Berg út.

Yn 2016 makke programmamakker Albert Jensma in portret oer de markante keunstner:

Sjoerd de Vries wurke fanút syn atelier yn De Muntflat op 't Hearrenfean. Syn hannelsmerk wie de mingde technyk. De keunstner skildere net allinnich mei oaljefarve, mar bewurke it keunstwurk ek mei in mes. "Hij gebruikte gelaagd karton als basismateriaal en dat gaf hem de mogelijkheid om niet alleen op een drager te werken, maar ook echt erin. Het is een mengvorm tussen twee- en driedimensionaal. Het is heel bijzonder werk."

'Magysk laboratoarium'

De sûnens wie op it lêst minder, mar hy wurke konsekwint hurd. "Dat typeerde hem. Hij was ook een man van vaste gewoontes." Hy gie alle dagen om healwei sânen moarns nei It Hearrenfean ta om nei in dei wurkjen tsjin seis oere wer nei Ljouwert werom te kommen. De skilder neamde syn atelier sels syn 'magysk laboratoarium'.

Njonken syn (sels-)portretten wie it natuerlânskip fan De Deelen ek in favoryt ûnderwerp fan De Vries. Syn wurk is ûnder oare te sjen yn Museum Belvédère yn Oranjewâld.

Foto: Omrop Fryslân

Ofskied

Takom sneon is der de gelegenheid om ofskied te nimmen. Fan 11.00 oant 14.00 oere is der in gearkomste yn de hal fan boekhannel Steven Sterk op De Gordyk. By libben liet Sjoerd witte dat er net woe dat minsken blommen meinamen. Hy soe leaver sjoen hawwe dat der in bydrage oan de Sjoerd de Vries-stichting jûn waard.

Susan van den Berg oer Sjoerd de Vries en syn wurk

Trefwurden: 
keunstner Sjoerd de Vries
(advertinsje)
(advertinsje)