Steatsbedriuw EBN en Shell slute har oan by Ljouwerter ierdwaarmteprojekt

07 jan 2020 - 11:48

Steatsbedriuw 'Energie Beheer Nederland' (EBN) en Shell Geothermie slute har oan by it konsortium 'Warmte van Leeuwarden'. Dêrmei bestiet it konsortium no út de partners EBN, Ennaturlijk, Shell en inisjator Bouwgroep Dijkstra Draisma.

Ferwarming - Foto: Shutterstock.com

Shell sil de rol fan Energie Combinatie Wieringermeer (ECW) as operator binnen it konsortium oernimme. ECW wol him fokusje op syn besteande klanten.

EBN sil belutsen wêze as partner. As steatsbedriuw fiert EBN parten fan it klimaat- en enerzjybelied fan it ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat út. EBN spilet in rol by it ferbinen fan private en publike partijen yn de enerzjysektor en wol dêrmei de enerzjytransysje ferhastigje.

Inisjator en ûntwikkeler fan it ierdwaarmteprojekt is Bouwgroep Dijkstra Draisma. It waarmtenet dat de waarmte nei de klanten transportearret, wurdt ûntwikkele en eksploitearre troch Ennatuurlijk.

(advertinsje)
(advertinsje)