Fan Batavus nei bamboe: Fjetnameeske fytsfabrikant stipet SC Hearrenfean

SC Hearrenfean hat in sponsoroerienkomst sletten mei de Fjetnameeske fytsfabrikant Trevi Bike. Trevi Bike sil de earste seleksje fan fytsen foarsjen dy't makke binne fan bamboe.
© Timo Jepkema, Omrop Fryslân
De fytsen sille by de start fan it nije seizoen yn gebrûk naam wurde troch de spilers. It is de earste echte sponsordeal mei in bedriuw út Fjetnam.
Sûnt de komst fan de Fjetnameeske ynternasjonal Doan Van Hau nei SC Hearrenfean hat algemien direkteur Cees Roozemond altyd sein dat der yn Fjetnam in soad kânsen lizze om sponsoroerienkomsten ôf te sluten. Sa binne der telefyzjedeals sletten om it salaris fan Van Hau te bekostigjen.

Haadsponsor

De klup hat ek petearen fierd foar it haadsponsorskip, mar dat hat oant no ta noch net ta sukses laad. SC Hearrenfean spilet dit seizoen noch hieltyd sûnder haadsponsor op it wedstriidshirt.