Boargemaster Oosterman fan Eaststellingwerf tydlik minder oan it wurk

07 jan 2020 - 11:07

Boargemaster Harry Oosterman fan de gemeente Eaststellingwerf sil tydlik minder wurkje. De 62-jierrige Oosterman hat bot lêst fan brongitis en syn mentale akku is ek leech, meldt de gemeente.

Foto: Gemeente Eaststellingwerf

It giet wol de goede kant op, mar de boargemaster hat noch net alle enerzjy werom. Oosterman wol fan takom wike ôf wer heale dagen oan it wurk. Hy hopet dat er sa gau mooglik wer folslein oan 'e slach kin.

De tradisjonele nijjierstaspraak joech Oosterman moandei net sels, dy waard útsprutsen troch lokoboargemaster Esther Verhagen.

(advertinsje)
(advertinsje)