Wenning yn Hurdegaryp sletten fanwegen hûndert himpplanten

Boargemaster Jeroen Gebben fan Tytsjerksteradiel hat in wenning yn Hurdegaryp foar ien moanne sletten. Yn it hûs waarden goed hûndert himpplanten fûn en ek waard yllegaal stroom ôftape.
© Pixabay
Dêrmei kaam de brânfeilichheid yn 'e knipe. De wenning is de kommende moanne net tagonklik. "Mei dizze sluting litte wy sjen dat drugsoerlêst net tolerearre wurdt yn ús gemeente", seit de boargemaster.