Wein fan Omrin fljocht yn brân op It Hearrenfean

07 jan 2020 - 09:27

In wein fan Omrin is tiisdeitemoarn yn brân flein doe't dy dwaande wie mei it feien fan de strjitte Het Meer op It Hearrenfean. De brânwacht fan dat plak ried út om mei skom fierdere skea foar te kommen.

Foto: CAMJO Media

Om't de wein oer in lingte fan tsientallen meters oalje lekte, hat de plysje de omjouwing om de wein hinne ôfsletten. De wein rydt op grien gas. Hoe't dy yn brân fleane koe en oft der ek ferwûnen binne, is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
It Hearrenfean brân Omrin
(advertinsje)
(advertinsje)