Deiflinters hawwe it dreech yn Fryslân, takom jier nije atlas

07 jan 2020 - 08:32

Deiflinters hawwe it de ôfrûne jierren dreech yn Fryslân. Njonken dat it tal ynsekten lanlik sjoen de lêste tweintich jier mei 75 persint ôfnommen is, hawwe de waarme en drûge simmers fan de lêste twa jier ek harren wjerslach hân op de populaasjes.

Foto: Omrop Fryslan, Remco de Vries

"Dy twa trends meitsje dat it net sa goed mear giet mei de deiflinters", fertelt Siep Sinnema, foarsitter fan de Flinterwurkgroep Fryslân. Dy wurkgroep is sûnt 2016 dwaande mei it meitsjen fan in nije atlas fan alle soarten deiflinters yn de provinsje. Dêrfoar wurde dy soarten tige sekuer yn 'e gaten hâlden.

Ek oan de tallen gewoane flinters kin fernommen wurde dat se lêst hawwe fan de drûchte. "Elkenien ken de koalflinters wol. Dy hawwe it ek hiel min dien. Der wiene folle minder as oare jierren. Mar der binne ek in pear soarten dy't profitearre ha, lykas de distelflinter. Dy moat fanút Súd-Afrika komme en dy hat profitearre fan de súdewyn. Mar dat is in útsûndering."

Foarsitter Siep Sinnema fan de Flinterwurkgroep Fryslân

De stân binnen Fryslân ferskilt bot, neffens Sinnema. "De measte flinters moatte it fan berms of natuergebieten hawwen. Op 'e klaai wurde de berms in soad meand. Der binne hieltyd minder planten."

Soad útdagingen

It giet wol stadichoan better, mei dat bermbehear, sjocht de foarsitter. Mar der bliuwe in soad útdagingen, lykas it ekstremere waar. "Dat kin funest wêze foar kwetsbere soarten."

De spesjale atlas dêr't de Flinterwurkgroep oan wurket, ferskynt nei alle gedachten krekt wat letter, yn 2021. De measte gegevens binne registrearre en der is ek in soad troch frijwilligers online dien. Se binne no drok dwaande mei it skriuwen fan de atlas.

Trefwurden: 
flinters deiflinters atlas
(advertinsje)
(advertinsje)