Kollum: "De púnbulten en de bêste winsken"

07 jan 2020 - 08:10

"In begraffenisstaasje dy't mei fjoerwurk bekûgele wurdt. De dea fan in heit en syn soantsje fan fjouwer, de mem en har dochter dy't noch yn it sikehûs lizze. Hûnen dy't útnaaie foar fjoerwurk en deariden wurde, hûnen, katten en oare bisten dy't ferbaarne troch fjoerwurk.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

In kat dy't mei swier fjoerwurk opblaasd wurdt. Netflix hat in searje dy't 'Don't fuck with cats: Hunting an Internet Killer' hjit. Dy giet oer de jacht op in psychopaat dy't katsjes op in groulike wize deadocht, en de lulkens nei oanlieding dêrfan.

Jim hearre it al: ik bin dwaande mei de resultaten fan in geweldige tradysje en in grut folksfeest, nammentlik dat fan de jierwiksel. Dy list fan resultaten is hast ûneinich. Ofrukte hannen, fernielde eagen, treddegraads brânwûnen. Alde minsken dy't yninoar slein wurde. Wer mear geweld tsjin plysje en helpferliening. Lykas tsjin minsken fan de brânwacht.

De Vakvereniging Brandweer Vrijwilligers pleitet mei klam foar in ferbod op knalfjoerwurk. Want net allinne yn de grutte stêden waard de brânwacht mei flessen, stiennen en fjoerwurk bekûgele, ek yn de lytsere plakken dêr't dat wurk troch frijwilligers dien wurdt wie it raak. Ronald Kraan, wurdfierder fan de Vakvereniging, seit dat se opkomme foar eltse brânwachtman of frou, mar dat it net te ferkeapjen is dat dy sokke dingen trochstean moatte by wurk dat se frijwillich foar de mienskip dogge.

Hy pleitet foar in ferbod op knalfjoerwurk, yn neifolging fan Erik Akerboom, korpssjef fan de Nationale Politie. Dy syn jierlikse needgjalp wurdt al krekt sa'n tradysje as de âldjierskonferense. Sûnder de humor, moat ik dêroan taheakje.

No is der fansels ek gjin inkelde oanlieding om jin de bûsen út te skuorren. Yn in paginagrutte advertinsje hie de Nationale Politie, yn 'e mande mei 26 ynstânsjes, earder al in oprop dien om op te hâlden mei partikulier fjoerwurk, om de hûnderten ferwûnen en deaden foar te kommen, de miljoenen euro's skea en de agresje tsjin plysje en helpferliening.

De ûndertekeners fan dy krantepetysje wiene de grutte steden en it Nederlands Genootschap van Burgemeesters. De Onderzoeksraad voor de Veiligheid advisearret dat ek al in pear jier. Om it oer de dokters yn de sikehûzen mar net te hawwen.

Neffens in peiling fan RTL Nieuws is 61 persint fan de Nederlânske befolking ûnderwylst foar in fjoerwurkferbod, en soe 81 persint dêr begryp foar ha. Mei oare wurden: wêr wachtet de polityk op? Wêr bliuwe de rigoereuze maatregels om de anargy del te twingen? Dy maatregels komme der net, is it antwurd. Yn alle gefallen net as it oan de VVD en it CDA leit. Dy hâlde mei it each op de kommende ferkiezingen de boat fan ympopulêre besluten ôf.

Leaver deaden, leaver it oantaasten fan it respekt dêrfoar, leaver ferwûnen, leaver miljoenen euro's skea, swiere metalen yn de grûn en fynstof yn de loft as de mooglikheid fan stimmeferlies. Sa ferrotte is de polityk.

Dat stiet elkenien by de folgjende jierwiksel op 'e nij tusken de púnbulten fan it opportunistyske, destruktive en ynhumane belied fan de liberalen en harren farizeeërs fan meirinners. Met de beste wensen voor het nieuwe jaar namens VVD en CDA."

(advertinsje)
(advertinsje)