Ajax ferheget bod op Narsingh

10 jul 2012 - 13:24

Ajax hat moandei in twadde bod dellein by SC Hearrenfean om Luciano Narsingh oer te nimmen. "Ajax heeft een tweede licht verbeterde aanbieding gedaan, maar dat ligt nog altijd lager dan het openingsbod van PSV", sa seit technysk direkteur Johan Hansma. SC Hearrenfean is net akkoart gien.

Luciano Narsingh komt woansdei werom fan fakânsje en moat him dan melde by de klup. Der wurdt noch sjoen oft Narsingh meigiet op trainingskamp nei Skylge. "Dat hangt af van zijn fysike gesteldheid en staat los van alle transferperikels", sa seit Hansma.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
(advertinsje)