Foarsitter PvdA oer riedslid It Amelân: "It mei, mar ik fyn it net kinnen"

07 jan 2020 - 07:08

"Jo sitte foar in partij yn de ried. As jo jo dêr net langer yn fine kinne, moatte jo opstappe." Dat seit Hans Konst, foarsitter fan it gewestlik bestjoer fan de PvdA, yn reaksje op it opstappen fan riedslid Irma Marinus fan it Amelân. Se giet fierder as partijleas riedslid.

Foto: Omrop Fryslân

Oanlieding foar de stap is dat Marinus har net thúsfielt yn de koälysje fan PvdA en AmelandEén. Marinus hat it mei har partijgenoaten oer de ferskillen hân en út dat oerlis is lekt nei de parse. Fanwegen dy fertrouwenskrisis is snein foarsitter Tonnie Overdiep fan de PvdA út de partij stapt.

"It is altyd lestich om yn in koälysje te sitten", neffens Konst. "Jo slute kompromissen en dêr moatte jo jo oan hâlde. Dêr sitte altyd spanningen op. En ik tink ek dat de lytse mienskip fan it eilân meispilet."

"Grutte beswieren"

Dat Marinus bliuwt as partijleas riedslid, begrypt de gewestlik foarsitter net. "It mei, mar ik fyn it net kinnen. Ik haw dêr grutte beswieren tsjin. De partij kin it fertrouwen opsizze yn ien dy't yn de ried sit. Oarsom kin dat net en dan moatte jo opstappe."

De fraksje fan AmelandEén op It Amelân wol sa gau as mooglik om tafel mei alle partijen yn de ried. AmelandEén, de grutste partij op it eilân, foarmet mei de PvdA de koälysje. De PvdA hie ien sit, en no net ien mear.

Wethâlder bliuwt foarearst

AmelandEén wol mei alle partijen prate oer hoe't der in nije koälysje komme moat. Dat bart oer fjirtjin dagen, nei de ynstallaasje fan de nije boargemaster fan It Amelân, Leo Pieter Stoel. PvdA-wethâlder Ellen Bruins Slot bliuwt foarearst yn funksje.

Gewestlik foarsitter Hans Konst fan de PvdA

In wethâlder sûnder sit yn de ried is in tige frjemde situaasje, seit wethâlder Ellen Bruins Slot foar Omrop Fryslân radio. De PvdA-leden op it eilân hawwe moandeitejûn byinoar west om te oerlizzen. Dat Irma Martinus har plak foar de PvdA yn de koälysje mei de partij AmelandEén opjaan soe hie wethâlder Ella Bruins Slot net sa ien twa trije ferwachte. Der wie wolris diskusje, mar mear net. Jo soene in berop dwaan kinne op it moreel besef fan Marinus om op te stappen, seit Bruins Slot, mar riedsleden meie op eigen manneboet fierder gean.

AmelandEén hat fiif sitten yn de ried en de PvdA ien, en dy lêste bestiet no dus net mear. Alles hinget ôf fan it ferrin fan de koälysjeûnderhannelingen en der komt ek noch in nije boargemaster. Dus de politike kaarten op it eilân binne foarearst noch lang net skodde.

Wethâlder Ella Bruins Slot

(advertinsje)
(advertinsje)