Brânwacht rydt út nei twa brantsjes yn Drachten

07 jan 2020 - 06:21

De brânwacht is yn in koart skoft twa kear útriden foar brantsjes yn Drachten. Oan de Bakboord stie moandeitejûn in bulte rommel fan de jierwiksel opnij yn de brân. De brânwacht hie it fjoer rap út.

Foto: De Vries Media

Om healwei trijen tiisdeitemoarn stie in ôffalbulte op de Wielewalen yn 'e brân. Omwenners wiene al begûn mei it útmeitsjen fan de flammen, de brânwacht hat dat fan harren oernommen. De plysje sil de saak ûndersykje en sjen oft der sprake is fan brânstichting.

Trefwurden: 
Drachten brân
(advertinsje)
(advertinsje)