Drachtster brânwacht rydt út foar brân yn jiskebult

06 jan 2020 - 21:39

De brânwacht fan Drachten waard moandeitejûn oproppen foar in bûtenbrân oan de Bakboord yn Drachten. Der wie brân ûntstien yn in bulte mei âldjiersôffal.

Foto: De Vries Media

De gemeente hie it âldjiersôffal dêr dellein. Hoe't de brân ûntstean koe, is net bekend.

Trefwurden: 
Drachten brân ôffal Bakboord
(advertinsje)
(advertinsje)