Wiuwerter Siem van der Land yn noed oer syn broer yn Australië

06 jan 2020 - 22:09

Siem van der Land van Wiuwert hat it hiele wykein yn spanning sitten oer syn broer Jappie en syn famylje. Dy wennet yn Australië, middenyn it gebiet dêr't de boskbrannen binne. Ofrûne freed wie Van der Land al yn Weistra op Wei. Doe wiene de brannen noch mar in pear kilometer by syn broer wei.

Yntusken hat Van der Land wer kontakt hân mei syn broer. "Sneintemoarn ha ik efkes in pypskoft mei him belle. It fjoer wie syn doarp passearre. Syn hûs is net yn 'e brân flein, mar dat fan syn buorlju en oare gebouwen yn it doarp wol. Hy wie bekôf, mar hy is 'safe' en dat is it wichtichst."

Yn it gebiet dêr't broer Jappie wennet, is de stroom derôf. "It telefoannetwurk wurket gelokkich noch. Mar it is in ramp. As de fjurren fan Victoria en New South Wales by elkoar komme, giet it noch folle mâler. It is net te hoopjen dat dat ea bart. It is yn en yn drûch en it is allegear bosk dêr. Unfoarstelber hoe mâl at it dêr giet."

Siem van der Land syn broers wenje yn Australië

Van der Land makket him bot soargen oer syn broer en syn frou en bern. Neist famylje hat er noch ferskate kennissen dy't yn it lân wenje. "Je wolle witte hoe't it mei harren is, mar je kinne harren net belje, want in soad leit plat. Van der Land hat al meardere kearen yn it lân west. "Je witte hoe't it derút seach en hoe't it der no útsjocht... Ast der in foto neist leist, dan is it ôfgryslik", fertelt Van der Land mei soad emoasje.

Sels soe hy wol graach ôfreizgje wolle nei Australië om te helpen. "Mar do kinst der neat dwaan, rinst de helpferlieners foar de fuotten. Mar as ik helpe koe, soe ik der hinne gean."

(advertinsje)
(advertinsje)