Flylanner fuotbalklup krijt frouljusteam

06 jan 2020 - 21:44

De fuotbalklup fan Flylân stiet stiif ûnderoan yn de fiifde klasse B fan it sneinsfuotbal. De manlju ha noch net ien kear skoard, en se ha sels noch gjin punt helle, sûnt de klup, dit seizoen foar it earst, meidocht oan de kompetysje fan de KNVB. Dochs is fuotbal booming op it eilân en is der no ek in frouljusteam.

De fjoertoer fan Flylân - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Cees Visser fan VSV'31

De spilers foar it team wiene al gau fûn. "We hawwe twa wike lyn in oprop op Facebook setten en de teller stiet no op genôch spilers, dus we hawwe it team ynskreaun", fertelt trainer Cees Visser fan VSV'31. "We hawwe der op dit stuit njoggen, dus genôch foar de sân tsjin sân-kompetysje, mar we wolle der noch wol graach in pear by hawwe."

De earste wedstriid is ein maart. "Kwa sport is der in soad te dwaan op it eilân, mar ús klup is wol de iennichste dy't meispilet yn kompetysjeferbân."

Mei it manljusteam giet it lykwols net sa soepel. "We hawwe Kerst Heida oanlutsen, in bekende namme út de amateurfuotbalwrâld, en dêr binne wy wol hiel gelokkich mei", leit Visser út. Hy sil de ploech yn elts gefal oant de simmerstop út de brân helpe.

(advertinsje)
(advertinsje)