Cote Create nije stedskeunstner fan Ljouwert

06 jan 2020 - 21:14

De nije stedskeunstner fan de gemeente Ljouwert foar 2020-2021 is Cote Create. Boargemaster Buma makke har namme bekend by de gemeentlike nijjiersresepsje.

Foto: Omrop Fryslân

Ein 2019 presintearre Cote Create, echte namme Maria Jose Jara Veragua, tegearre mei twa oare kandidaten har plannen oan de fjouwerkoppige sjuery. De twa oare kandidaten wiene Tim Honnef en Caro Kroon. By de seleksje hat de sjuery sjoen nei meartaligens en it fermogen om de ynwenners fan de gemeente te belûken yn de plannen. De kommende ta jier wol Cote Create de stêd as har kanvas brûke, wêrby't de ynwenners fan de gemeente in grutte rol spylje.

Minsken by elkoar bringe

De sjuery hat foar Cote Create keazen, omdat sy yn de koarte tiid dat se yn Ljouwert wennet sichtber wurden is mei har yllustrative figueren yn de stêd. De sjuery is fan miening dat Cote tige entûsjast is en it yn har hat om grutte groepen minsken by elkoar te bringen yn de perioade dat se stedskeunster wêze sil. Dêrneist hat se in eigen medium wêrmei't se har útdrukt: yllustraasje.

Sileensk

De keunstner is troch har Sileenske ôfkomst fan hûs út al meartalich. De sjuery is tige benijd nei wat se de stêd te bieden hat.

Cote Create is fan hûs út grafysk foarmjouwer en kaam yn maart 2019 yn Ljouwert te wenjen. Se hat ûnder oare de tagongspoarte fan Welcome to The Village makke, it kanvastaske foar hegeskoalle NHL Stenden ûntwurpen en har ûntwerpen hawwe op ferskate winkelruten yn de stêd te sjoen west.

(advertinsje)
(advertinsje)