Johannes Kramer ynstallearre as boargemaster fan Noardeast-Fryslân

Johannes Kramer is moandeitemiddei ynstallearre as boargemaster fan Noardeast-Fryslân. Hy waard troch Kommissaris fan de Kening Arno Brok yn de Grutte Tsjerke yn Dokkum beëdige as de earste kroanbeneamde boargemaster fan de nije fúzjegemeente.
Johannes Kramer ynstallearre as boargemaster fan Noardeast-Fryslân
Kramer nimt it stokje oer fan waarnimmend boargemaster Hayo Apotheker. Hy is de tredde FNP-boargemaster, nei Theunis Piersma yn Wûnseradiel en Gerben Gerbrandy yn Achtkarspelen.
"Bliuw tichtby de minsken stean, wês oansprekber en wês iepen nei de minsken ta", is Gerbrandy syn ried oan de nagelnije boargemaster. It is net de earste kear dat in FNP'er oan de slach giet yn in oare politike funksje en der sprake wêze kin fan belangeferfrisseling. "Hy is him bewust fan de ferskillende funksjes en ik ha der alle betrouwen yn dat it klearkomt", beslút Gerbrandy.
Kommissaris fan de Kening Arno Brok beneamde dat ek by syn taspraak yn de Grutte Tsjerke. "It moat wol dúdlik wêze dat dit in oare rol is. Hy is saakkundich en profesjoneel genôch om dêr in goede balâns yn te hâlden."
René Koster praat mei âld-boargemasters Germ Gerbrandy en Piet Visser en mei KfK Arno Brok