Anders Dreyer fuort by SC Hearrenfean

06 jan 2020 - 19:24

Anders Dreyer sil fuortendaliks fuort by SC Hearrenfean. De klup hierde de 21-jierrige oanfaller fan Brighton & Hove Albion, mar de Ingelske klup ferkeapet de Deenske oanfaller tuskentiids. Dreyer sil in kontrakt tekenje by de Deenske koprinner FC Midtjylland.

Foto: OrangePictures

Technysk manager Gerry Hamstra seit it spitich te finen dat Dreyer al nei in heal seizoen fuortgiet. "Anders ontwikkelde zich hier goed. We hadden hem er in de tweede seizoenshelft graag bijgehouden. Door een clausule kiest Anders nu voor een transfer naar FC Midtjylland. We wensen hem het allerbeste toe met deze nieuwe uitdaging bij een topclub in Denemarken."

Dreyer koe by Hearrenfean gjin fêst plak by de earste alve feroverje, mar wie yn 13 offisjele duels wol goed foar ien doelpunt en twa assists.

(advertinsje)
(advertinsje)