Europeesk kampioenskip yn Thialf is 'Wedstriid fan de Wike'

06 jan 2020 - 18:19

Letitia de Jong, Sven Kramer en Arjan Stroetinga. Samar trije nammen fan reedriders dy't oankommend wykein meidogge oan it Europeesk kampioenskip ôfstannen op It Hearrenfean. Fan freed oant en mei snein komt de Europeeske reedrydtop yn aksje yn Thialf; it is de 'Wedstriid fan de Wike' by Omrop Fryslân.

It EK ôfstannen is ien fan de wichtichste reedrydtoernoaien fan it seizoen, njonken de wrâldkampioenskippen. "Hielendal om't der dit seizoen gjin EK allround en sprint is", sa seit sportferslachjouwer Andor Faber. It is foar de earste kear dat dat toernoai op It Hearrenfean organisearre wurdt.

Hokker Friezen meitsje kâns op in Europeeske titel? "Op de 5.000 meter fansels Sven Kramer en Jorrit Bergsma. By de froulju is Ireen Wüst kânshawwer op de 1.500 meter en wa wit wat sy en har freondinne Letitia de Jong op de 1.000 meter kinne. Ek op de ploege-ûnderdielen is Nederlân favoryt, al is it noch de fraach wa't dêrop ride sille."

It hiele wykein is Omrop Fryslân derby. Der wurdt op freedtejûn, sneontemiddei en sneintemiddei op de radio ferslach dien fan it evenemint. Op ynternet is alles werom te lêzen.

In oersjoch fan de Friezen foar elke ôfstân

500 meter: Letitia de Jong, Femke Kok

1000 meter: Letitia de Jong, Ireen Wüst

1500 meter: Ireen Wüst

5000 meter: Sven Kramer, Jorrit Bergsma

Massastart: noch net dúdlik, mar yn elts gefal Arjan Stroetinga

Ploege-efterfolging: noch net dúdlik, mar yn elts gefal Antoinette de Jong

Teamsprint: noch net dúdlik

Foto: Omrop Fryslân

Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de Wike.' De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)