Nijjierstaspraak Buma: ‘Stêd en lân twa kanten fan deselde medalje’

06 jan 2020 - 18:01

"Problemen dy't yn oare parten fan Fryslân spylje, geane ús hjir yn Ljouwert ek oan", dat sei boargemaster Sybrand Buma moandei yn syn nijjierstaspraak. "Krimp, de diskusje oer it Fryske lânskip, de problemen dêr't de boeren mei te krijen hawwe, dy reitsje ús ek."

Boargemaster Sybrand Buma - Foto: ANP

Neffens boargemaster Buma binne stêd en lân yn Fryslân 'twa kanten fan deselde medalje'. Sa neamt hy yn de taspraak, dy't hy foar in part yn it Nederlânsk en foar in part yn it Frysk docht, ek de kontenerramp. "Een jaar geleden lagen de kusten van de Waddeneilanden bezaaid met de rotzooi uit de MSC Zoe. Een jaar later zijn de gevolgen nog merkbaar in het milieu."

Ljouwert: sintrumfunksje foar boeren

Buma jout oan dat de ûnwissens troch de stikstofkrisis grut is. "Leeuwarden is de centrumstad als boeren die het gevoel hebben dat het water hen aan de lippen staat, hier in de stad komen betogen." Neffens him lit it sjen dat stêd en plattelân byinoar hearre. "De boeren hebben ook mij deze eerste maanden flink bezig gehouden", seit hy fierder.

"Je hoort stemmen dat er minder boeren zouden moeten komen, omdat de agrarische sector nu niet duurzaam genoeg zou kunnen opereren." Fryslân is neffens him krekt it ideale gebiet foar in 'duurzame toekomstgerichte landbouw'. Dêr soe ek stêd Ljouwert fan mei profitearje, bygelyks as it om de suvelsektor, moalfabriken en fleisferwurking giet. "VION laat zien dat ook de vleesvervangende industrie hier toekomst heeft."

Legacy fan KH2018

Dêrneist giet Buma yn op de 'legacy' fan Kulturele Haadstêd 2018. Neffens him leit yn it súkses fan 2018 ek in opdracht foar de takomst: "Het duurzaam vasthouden van de energie en de kracht van 2018." Dêr soe Ljouwert al goed mei dwaande wêze, sa fynt hy yn elts gefal. De boargemaster neamt Fuorza Bruta, Compagnie Carabosse en Unesco City of Literature as foarbylden.

Plysjekapasiteit

Nettsjinsteande dat neamt Buma ek dat der 'een handvol van de 143 evenementen' foar takom jier net trochgean kin. Dat komt om't de plysjekapasiteit mar ien kear ynset wurde kin, en Buma de prioriteit by plysje yn de wiken leit. Healwei desimber waard al bekend dat it festival Promised Land, Brak in het Park, twa Oktoberfesten en it Túnfeest yn de Prinsetún skrast binne om't der te min plysje is.

Ferslachjouwer René Koster wie by de nijjiersresepsje fan Ljouwert

De nijjiersresepsje yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, René Koster
(advertinsje)
(advertinsje)