Politike krisis It Amelân: riedslid Marinus stapt út PvdA, opnij om tafel oer koälysje

06 jan 2020 - 17:45

PvdA-riedslid Irma Marinus fan It Amelân is út de partij stapt. Se giet fierder as partijleas riedslid. Oanlieding foar de stap is dat se har net thúsfielt yn de koälysje fan PvdA en AmelandEén. Dat komt troch ynhâldlike saken en it ferskil yn hoe't beide partijen polityk bedriuwe. AmelandEén wol sa gau mooglik in nije koälysje foarmje.

It gemeentehûs op It Amelân - Foto: Google Streetview

Marinus hat it mei har partijgenoaten oer de ferskillen hân en út dat oerlis is lekt mei de parse. Fanwege dy betrouwenskrisis is snein foarsitter Tonnie Overdiep fan de PvdA út de partij stapt. Ek dat wie foar Marinus oanlieding om op te stappen. Se wol mei sa'n achterban net fierder, seit se. "Ik wil niet in een coalitie verder waar wantrouwen heerst."

Bot skrokken

De fraksje fan AmelandEén wol sa gau mooglik om tafel mei alle partijen yn de ried, no't Marinus út de koälysje stapt is en ek út de PvdA. AmelandEén is de grutste partij op it eilân en foarme mei de PvdA de koälysje. De PvdA hie ien sit, en is dy no kwytrekke.

Andries Metz fan AmelandEén: "We zijn erg geschrokken van het vertrek van Overdiep en Marinus. Het zijn zeer gerespecteerde collega's geweest en we hebben altijd een super samenwerking gehad. We betreuren het ten zeerste." Neffens Metz koe Marinus har yn de koälysje mei syn partij net profilearje hoe't sy dat woe en is it dêrom misgien.

Nije boargemaster

AmelandEén wol in nije, stabile koälysje, seit Metz. "Voor ons staat stabiliteit echt op plaats één. Dat avontuur zijn we de afgelopen twee jaar met de PvdA aangegaan, en dat gaan we gewoon weer voortzetten in de nieuwe samenwerking." De petearen mei de oare partijen sille oer fjirtjin dagen wêze, nei de ynstallaasje fan de nije boargemaster fan Amelân Leo Pieter Stoel op 16 jannewaris. PvdA-wethâlder Ellen Bruins Slot bliuwt foarearst yn funksje.

Andries Metz fan AmelandEén

(advertinsje)
(advertinsje)