Wat moat der yn de 'Canon van Ameland' komme?

Stichting 'De Ouwe Pôlle' wol in 'Canon van Ameland' meitsje. In kanon is in soarte fan tiidline mei finsters, oftewol tema's. De Amelanner kanon sil bestean út 50 finsters: 25 oer persoanen en 25 oer barrens. Hokker persoanen en barrens opnaam wurde sille yn de kanon, bepaalt it publyk.
De fjoertoer op It Amelân © Omrop Fryslân
Foarbylden fan persoanen binne neffens Meinte Bonthuis fan De Ouwe Pôlle walfiskfarder Hidde Dirks Kat, skilder Tames Oud en kardinaal De Jong. "Mar ek fuotballers Rudy en Francisco Metz en Jan Bruin", fertelt Bonthuis. By wichtige eveneminten kin hja tinke oan de walfiskfeart, de boatferbinings en de ûnôfhinklikens fan it eilân.
Elkenien mei fiif wichtige barrens en fiif persoanen oandrage, sawol eilânbewenners as besikers. Dat kin oant 20 jannewaris.
Op 22 jannewaris sil der yn it natuersintrum yn Nes op it eilân in diskusjejûn hâlden wurde, wêrby't it publyk meiprate kin oer hokker barrens en persoanen yn de kanon opnaam wurde moatte. Oan de ein fan de jûn sil der in kanonkommisje gearstald wurde. Dy sil de definitive seleksje fan de kanon meitsje en dy letter yn 2020 presintearje.
Meinte Bonthuis oer de 'Canon van Ameland'