Mear griente nei Voedselbanken

10 jul 2012 - 13:02

Voedselbanken binne optein oer it plan fan lân- en túnbouorganisaasje LTO Noord om griente en fruit dêr't wat mei is tenei oan de foedselbanken te jaan. Supermerken wolle bygelyks in krop sla mei in brún rântsje of in appel mei in plakje net ha en dus wurdt soks brûkt as feefoer of yn biofergisters.

LTO Noord wol boeren en Voedselbanken fia byienkomsten meielkoar yn kontakt bringe om ôfspraken te meitsjen. Troch de krisis melde him mear minsken by de banken, mar oan 'e oare kant is de oanfier fan iten krekt minder wurden.

Trefwurden: 
Voedselbank griente LTO Noord
(advertinsje)