Boargemaster Sluiter wol plan om drankgebrûk jongerein te beheinen

06 jan 2020 - 17:01

Boargemaster Roel Sluiter hat yn syn nijjierstaspraak oanjûn dat gemeente Harns in plan fan oanpak ûnwikkelje sil om drankgebrûk by jongerein te beheinen. Neffens him bart it noch te faak dat jongerein ûnder 18 jier oan alkohol komme kinne.

Boargemaster Roel Sluiter - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

"Er zijn Harlingers die roken, en drinken, of drugs gebruiken, of alles tegelijk en veel. Veel te veel soms," sei boargemaster Sluiter yn syn taspraak. "Dat teveel leidt gemakkelijk tot onmaatschappelijk gedrag. Ook jongeren onder de 18 drinken in Harlingen."

Undersyk nei drankferkeap

"Onderzoek wijst uit dat je bij onze supermarkten, sportkantines en cafés als 18-minner moeiteloos je drankje kunt kopen," moat Sluiter earlik tajaan. "Dat kan zo niet doorgaan en we gaan een plan van aanpak maken waar we dat verbod op alcohol aan jongeren onder de 18 gaan handhaven."

Net daalks foar fjoerwurkferbod

Boargemaster Sluiter hie it ek oer de jierwiksel en it ôfstekken fan fjoerwurk. Neffens him wie âld en nij restich yn Harns, de plysjesjef sei dat der gjin ynsidinten wiene dy't it neamen wurdich wiene. Dochs spruts hy wiidweidich oer in fjoerwurkferbod. Hy is net daalks foar sa'n ferbod. "Ik hol niet meteen achter iedereen aan die met het volgende verbod aankomt. Voor een vuurwerkverbod moet draagvlak zijn," sei er.

Hy sei dat syn kollega-boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean wol oanjûn hie 'op een kantelpunt' te stean en dat it draachflak tanimt. "Dat dacht ik ook, maar als ik hoor dat er opnieuw meer uitgegeven is aan vuurwerk dan de voorgaande jaren, dan lijkt het daar nog niet meteen op." Ek seit Sluiter mei klam dat by in ferbod ek hanthavening nedich is. "En we hebben al een groot probleem met onvoldoende te beteugelen criminaliteit in dit land."

Posityf

Fierder wie Sluiter jubeljend oer Harns yn syn taspraak. Hy wie benammen posityf oer wat der foar bouwurksumheden yn en om Harns binne. Fierder hie hy it oer it tanimmen fan it tal banen, de delgong fan it tal WW-útkearingen, it slutend krijen fan de begrutting, tentoanstellingen yn it Hannemahuis en it binnenheljen fan de Tall Ships Race foar 2022.

De nijjierstaspraak fan Harns - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Roel Sluiter oan it wurd

(advertinsje)
(advertinsje)