Sportcast: "Mei Kallon wurdt Cambuur kampioen"

06 jan 2020 - 16:24

SC Hearrenfean en SC Cambuur binne op trainingskamp. De Fryske betelle fuotbalklups riede harren ta op de twadde seizoenshelte. Njonken it fuotbaljen beprate ús analisten Andor Faber, Roelof de Vries en Arjen de Boer it NK Shorttrack. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker.

De podcast is ek te beharkjen op Spotify en yn de podcast-apps.

SC Hearrenfean is op trainingskamp yn it Spaanske Gerona. Roelof de Vries freget him ôf: "Wêrom bliuwe se net gewoan yn Nederlân?" Arjen de Boer fynt dat ek: "Yn eigen lân kinne je ek prima traine."

By Hearrenfean is it nijs dat Anders Dreyer nei alle gedachten fuortgiet nei it Deenske FC Midtjylland. Roelof de Vries fynt dat spitich: "Dreyer siet ticht tsjin de basis oan." Njonken Dreyer ferwachtet De Vries ek dat Alen Halilovic net by Hearrenfean bliuwt. Arjen de Boer tinkt dat der dan wolris in nije spiler nei Hearrenfean komme kinne soe: "Ik tink dat Gerry Hamstra deroer neitinkt oft der in ferfanger oanlutsen wurde moat."

As it oan De Boer leit, moat der ek noch in linksback komme: "As je noch jild oan Floranus fertsjinje wolle, dan moatte je him as rjochtsback opstelle. Woudenberg moatte je ferkeapje en Van Hau moatte je sa gau as mooglik kwyt sjen te reitsjen, dan moat der in echte linksback foar yn 'e plak komme."

Hoe moat it no mei Issa Kallon?

By Cambuur is it wat rêstiger op transfergebiet. Der spilet allinnich wat rûn Issa Kallon. Cambuur is tige wiis mei de oanfaller, mar Kallon wol net bytekenje. Hy fynt it salaris dat Cambuur him oanbiedt te leech. Arjen de Boer is it dêr net hielendal mei iens: "Op basis fan dit jier is it wol fertsjinne dat er mear fertsjinje wol, mar op basis fan de ôfrûne twa, trije jier net."

As Kallon net bytekenje wol, dan rint er nei it seizoen fergees de doar út. Roelof de Vries fynt dat er dan mar dizze winter ferkocht wurde moat. Dêr binne Andor Faber en Arjen de Boer it hielendal net mei iens. De Boer doart sels te sizzen: "Mei Kallon wurdt Cambuur kampioen."

"By de froulju wie der neat oan"

Ofrûne wykein wie it NK Shorttrack yn Ljouwert. By de mannen wie Sven Roes de ferrassende winner. By de froulju wie Suzanne Schulting fierwei de bêste. Roelof de Vries konkludearret dêrom "By de froulju wie der neat oan."

Andor Faber hie wat te kleien oer de favoriten by de mannen: "Se litte harren der sa maklik ôfride troch in broekje fan 20, kom op!" Roelof de Vries fynt allinnich de echte toppers de muoite wurdich yn Nederlân: "As Schulting en Knegt der net binne, dan is it shorttrack yn Nederlân neat."

Ofwikseljend prate sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Arjen de Boer en Geert van Tuinen yn dizze podcast jo eltse moandei by oer al it sportnijs. Presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar. Alle Sportcasts beharkje? Klik hjir.

(advertinsje)
(advertinsje)