Meiwurkers diere-ambulânse "behoarlik skrokken" fan deasketten swannen

De meiwurkers fan de diere-ambulânse dy't it ôfrûne wykein fjouwer deade swannen by Rottum oantroffen, binne bot oandien troch de fynst. Nei alle gedachten binne trije fan de fjouwer fûgels deasketten, de fjirde is tsjin in heechspanning flein. Trije swannen hiene opfallende ferwûningen, fertelt it diere-ambulânsepersoniel.
Deasketten swannen
Twa fan de trije ferwûne deade swannen leinen op itselde plak. "Wy fûnen de ferwûningen wol hiel apart. Se misten beide it linker each", seit Annet van der Helm fan de diere-ambulânse. Ien fan de bisten hie ek in gat yn in wjuk. De oare hie in gat yn de hals. "Dat is best wel pittig om te zien", fertelt meiwurker Tobias Drioel.
Der binne foto's fan de swannen makke en de plysje hat dy trochstjoerd nei in spesjalist. Dizze spesjalist jout oan dat se sketten binne, seit Drioel. Der moat noch wol fierder ûndersocht wurde oft dat foar 100 prosint wier is.

Swannen ferpleatst

Van der Helm: "De plysje tinkt ek dat se ferpleatst binne, want se leinen beide op deselde side. Dêr't it each út miste, dat lei op de grûn. Dus dat koene de minsken ek net sjen. Wy seagen it ek pas, doe't wy se omdraaiden en skrokken behoarlik." De tredde swan is op in oar plak fûn, mar hie wol deselde soart ferwûningen.
Deade swan by Rottum © @JanBT4 op Facebook
De meiwurkers fine it dreech om te sizzen wa't it mooglik dien hat. "Het kan een jager zijn of een stroper, maar ook iemand die gewoon voor de lol vogels afschiet", seit Drioel. "Bij alle zwanen miste ook de knobbel. Misschien dat die ergens voor gebruikt wordt, dat weten we niet.

Plysje belje

Se dogge in oprop oan minsken yn Rottum, Aldehaske en omjouwing om de swannen yn it gebiet goed yn de gaten te hâlden en as se wat fertochts sjogge, daliks de plysje te beljen.
Annet van der Helm en Tobias Drioel fan de diere-ambulânse