Diere-ambulânse De Waadhoeke yn aksje foar bisten yn Australië

06 jan 2020 - 14:25

Diere-ambulânse De Waadhoeke wol jild ynsammelje om de bisten yn Australië te helpen. Margreet Bijman fan de diere-ambulânse leit út wêrom: "Dy bisten kinne gjin kant út dêr. Wy wolle wat dwaan. Al dy filmkes binne sa pynlik om te sjen."

Foto: ANP Foto

Al wiken binne de ferskriklike bylden alle dagen yn it nijs te sjen: de brânende bosken yn Australië. De brannen binne mar net ûnder kontrôle te krijen en de ferwachting is dat troch oanhâldende wyn en drûchte it slimste noch komme moat. In soad minsken en bisten flechtsje foar it fjoer, mar foar in soad bisten is it hiel dreech om oan de flammen te ûntkommen.

Bijman: "Wy tochten: hjir moatte wy wat mei dwaan. Sa kamen wy op it plan om in donearaksje op tou te setten en it begjint yntusken al aardich te rinnen." Sneintemiddei ha de meiwurkers fan de diere-ambulânse de donearaksje opsetten. "Wy ha yntusken sa'n 2700 euro ynsammele", fertelt Bijman.

Goed telâne

Mei it jild sil helpmiddels oanskaft wurde foar de bisten en kinne nije ûnderkommens boud wurde. "Ik bin dwaande mei it lizzen fan kontakten mei biste-organisaasjes yn Australië. Ik soargje derfoar dat it jild goed telâne komt."

Margreet Bijman fan diere-ambulânse De Waadhoeke sammelet jild yn foar bisten yn Australië

(advertinsje)
(advertinsje)