AquaZoo krijt mear as 500 krystbeammen binnen út hiel de provinsje

Bistepark AquaZoo yn Ljouwert hat mear as 500 krystbeammen krigen nei oanlieding fan de oprop om de beammen yn te leverjen yn ruil foar in fergees kaartsje.
© AquaZoo
It bistepark jout ôftanke krystbeammen in plakje yn it park, sadat se in twadde libben krije. Jeroen Loomeijer fan AquaZoo is bliid ferrast mei de massale stream fan beammen. "We hadden nooit gedacht dat zo veel mensen gehoor zouden geven aan onze oproep. Je moet tenslotte toch de boom in de auto laden en speciaal naar ons toe rijden. Het is echt mooi om te zien dat zo veel mensen die moeite willen doen. Dat geeft wel aan dat Friezen echt begaan zijn met de natuur en zich oprecht willen inzetten om bomen duurzaam te gebruiken."