Sânwinbedriuw wol mear draachflak, Natuermonuminten wachtet saak ôf

07 jan 2020 - 07:39

It sânwinbedriuw Royal Smals komt mei nije maatregels om de beswieren fan omwenners tsjin de sânwinning yn de Iselmar fuort te nimmen. It bedriuw hopet dêrmei op mear draachflak yn de regio. "We willen alles zo duurzaam mogelijk doen", fertelt omjouwingsmanager Marloes Herms fan Royal Smals. "We denken bijvoorbeeld aan elektrische schepen en de aanleg van walstroom voor schepen die komen laden en lossen, zodat ze niet op diesel draaien."

Foto: Koninklijke Smals

De ôfrûne tiid hat sânwinbedriuw Royal Smals ferskate petearen hân mei sawol omwenners as organisaasjes om harren plannen foar sânwinning yn de Iselmarkust ta te ljochtsjen. Herms: "We overleggen met natuurorganisaties, omwonenden en rijkswaterstaat. Al die gesprekken geven ons positieve energie."

Neffens Natuermonuminten, ien fan de belutsen natuerorganisaasjes, wurdt der hielendal net ûnderhannele oer alternativen. "Wy wolle earst witte wat de Ried fan Steat seit, en dan sjogge wy wol fierder", seit Arjen Kok fan Natuermonuminten. "Der binne nije minsken by Smals kaam en dy woene yn 'e kunde komme mei ús. Wy hawwe in petear hân om kennis te meitsjen. Wy wolle net oer de ynhâld prate, want ús betingsten binne hiel dúdlik."

Ut de petearen hellet Royal Smals ferskate saken dêr't se rekken mei hâlde sille. "We zijn aan het kijken om de hoogte van de zandinstallatie terug te brengen en de installatie transparant te laten", neamt Herms as foarbyld. "Zo willen we meer draagvlak creëren. Uiteindelijk hopen we dat het project doorgang kan vinden en dat we een invulling kunnen geven die ons allemaal past. Een aantal partijen is inmiddels zo ver dat ze groen licht geven."

Konflikt yn de gemeente

Wa't noch gjin grien ljocht jout, is de gemeente De Fryske Marren. De plannen foar sânwinning yn de Iselmar soargen yn 2019 foar in soad reuring yn de gemeente De Fryske Marren. It soarge sels foar in konflikt yn it kolleezje fan boargemaster en wethâlders.

Ried fan Steat

De FNP-wethâlders leine harren funksje del omdat harren partij tsjin de sânwinning is en it kolleezje foar. Uteinlik stimde de gemeenteried tsjin it plan foar sânwinning. Sânwinbedriuw Royal Smals gong fuortendaliks yn beswier tsjin it beslút fan de gemeenteried om in streek troch de sânwinningsplannen te setten. Op dit stuit leit de saak by de Ried fan Steat. In eksakte datum is noch net bekend.

Marloes Herms fan Royal Smals

Arjen Kok fan Natuermonuminten

(advertinsje)
(advertinsje)