Prognoaze: Súdwesthoeke fan Fryslân ien fan de hurdst groeiende ekonomyske regio's

06 jan 2020 - 12:28

De súdwesthoeke fan Fryslân heart by de top fan Nederlân as it giet om ekonomyske groei en wurkgelegenheid yn 2020. Alteast, dat is de prognoaze. De gemeenten De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân sitte yn it rychje mei grutte stêden as Eindhoven, Utrecht en Amsterdam.

Foto: Pexels.com

Wethâlder Frans Veltman fan De Fryske Marren is mar wat wiis mei it plakje yn de top 4 fan Nederlân, mar bliuwt realistysk. "It is in moai listje dêr't wy ynsteane, mar it giet oer de prognoazes foar 2020. Dus wy moatte it noch wiermeitsje."

Hurde kearn

De gemeente fokust op it stypjen fan it eigen bedriuwslibben. Veltman: "As jo de eigen mkb'ers maksimaal stypje, dan sjogge jo dêr de measte groei. Ek de toeristyske sektor is foar ús hiel wichtich. Mar ek ús ynnovaasjekrêft op it mêd fan wettertechnology is grut. Boppedat ha wy in sterk mkb, dat de hurde kearn foarmet fan ús ekonomyske groei."

Langetermynsukses

Om der foar te soargjen dat bedriuwen harren thúsfiele yn de súdwesthoeke fan Fryslân ha beide gemeenten geregeld petearen mei de ûndernimmers. Veltman: "Wy ha struktureel oerlis mei bedriuwen út de regio om te sjen wêr't wy se stypje kinne. As bedriuwen har hjir festigje wolle, ha wy dêr ek goeie petearen mei om te sjen wêrom't se hjir komme wolle. Wy ha neat oan bedriuwen dy't samar wer fuort binne. It giet om langetermynsukses."

Wethâlder Frans Veltman fan De Fryske Marren

(advertinsje)
(advertinsje)