Fertochten (14 en 15) stekpartij Drachten woansdei foar de riedkeamer

06 jan 2020 - 11:38

De beide fertochten fan 14 en 15 jier út Drachten en De Gordyk dy't fêstsitte fanwege de deadlike stekpartij yn Drachten moatte woansdei foar de riedkeamer komme. De riedkeamer sil beslute oft beide jonges langer fêst sitten bliuwe.

Foto: ProNews

Op 22 desimber rekke Roan Brilstra swier ferwûne by de stekpartij op de Zuidkade. In wike letter ferstoar hy oan syn ferwûnings. Yn dy wike waard hy 16 jier.

De minderjierrige fertochten sitte fêst yn beheining, dat wol sizze dat sy allinnich kontakt ha mei harren advokaat en harren âlden. Beide fertochten hawwe in Fryske advokaat. De sitting foar de riedkeamer is besletten.

(advertinsje)
(advertinsje)