Tankwein ramt fiadukt by Marsum en ferliest tank

06 jan 2020 - 11:26

In tankwein hat moandeitemoarn foar grutte skea soarge op de N31, doe't er it fiadukt tusken Marsum en Ritsumasyl ramde. De brânwacht fan Ljouwert waard ynskeakele om help te ferlienen by it ûngelok. Ek de plysje en in ambulânse waarden oproppen. De berger hellet de skansearre tankwein fuort. Ferkear kin oer de linker rydstrook ride.

De grutte, griene tank fan de frachtwein wie leech en kaam folslein los fan it ûnderstel fan de wein en op de flechtstrook telâne. De tankwein hie nei alle gedachten sâlt ferfierd. De sjauffeur fan de tankwein is net ferwûne rekke.

Fanwege it ûngelok is de rjochter rydstrook ticht. Ferkear kin oer de linker baan ride. De berger is drok dwaande mei it fuortheljen fan de skansearre tank, dy wurdt wer op it sjassy takele. Dêrnei wurdt de fangrail reparearre, de dyk skjinmakke en it fiadukt ûndersocht op skea. De ferwachting is dat alles om 16.30 oere hinne wer klear is.

Foto: Kappers Media

Hilda Bosma fan Rykswettersteat oer it ûngelok

(advertinsje)
(advertinsje)