Drankrider mei te folle bus

10 jul 2012 - 12:36

In 24-jierrige man út Snits is yn de nacht fan moandei op tiisdei syn rydbewiis kwytrekke, omdat hy mei tefolle drank op ried. Plysjeminsken seagen him mei syn bestelbus riden op de Lemsterdyk. Doe't se him oanhâlden die bliken dat der seis persoanen yn de bus sieten, wylst der mar plak wie foar fiif. Boppedat rûkte de man nei drank en hie de auto op meardere plakken skea. Letter waard yn Snits in kentekenplaat fan de bus fûn en dêr lei ek floeistof út de auto op de dyk.

De bestjoerder krige bekeurings foar it riden mei drank op, it ferlitten fan in plak fan in oanriding, it ferfieren fan tefolle persoanen en it ûnfersekere riden.

Trefwurden: 
drankrider bestelbus
(advertinsje)