Jonges fan 14 en 16 oppakt foar berôving 71-jierrige frou

06 jan 2020 - 11:00

De plysje hat twa jonges fan 14 en 16 jier oppakt foar in oerfal op in 71-jierrige frou snein yn Drachten. It foarfal spile him ôf op de Overstesingel yn Drachten. De twa jonges bedrigen de frou mei in mes, mar foar safier bekend ha se gjin jild meinaam.

Foto: ANP Foto

Nei de mislearre oerfal naaiden de jonges út. De plysje hat se moandeitemoarn oppakt. Se sitte fêst op it buro foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Drachten oerfal
(advertinsje)
(advertinsje)