Dj Puri út Snits skoart 100 miljoen views op YouTube mei 'Naagin'

06 jan 2020 - 10:44

It is in getal dêr't in soad artysten allinnich mar fan dreame kinne: dyn ferske dêr't 100 miljoen minsken nei harke hawwe. It slagge dj Puri út Snits, mei syn nûmer 'Naagin' dat op YouTube in soad besjoen wurdt. It ferske skoart benammen goed yn Yndia, dêr't Puri syn roots lizze.

Dj Puri hat it ferske 'Naagin' makke mei in oantal grutte Yndiaaske artysten. It kaam út yn oktober 2019. Dêrnei hat Akshe Puri, sa't de dj eins hjit, noch troch Yndia reizge foar optredens en in soad ynterviews.

Tsjintwurdich stiet dj Puri benammen yn Nederlân en Dútslân op it poadium.

Trefwurden: 
YouTube Snits dj Puri
(advertinsje)
(advertinsje)