Boargemaster Buma slút op 'e nij twa drugswenningen

06 jan 2020 - 10:11

Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert hat twa hûzen yn de gemeente slute litten fanwege drugskriminaliteit. Yn Warten is in hûs oan de Rounwei op slot gien. Dêr hie de plysje earder kokaïne en amfetamine fûn en ek ferpakkingsmateriaal en skealjes mei poeierresten. Yn Ljouwert is in hûs oan de Jan van de Capellestrjitte sletten, omdat dêr earder in himpkwekerij fûn wie.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Doel fan it sluten fan de wenningen is om oerlêst foar omwenners foar te kommen. De gemeente, de plysje en it Iepenbier Ministearje wurkje folop gear om yllegale drugshannel tsjin te gean.

(advertinsje)
(advertinsje)