Kânshawwers op titel Fryske ûndernimming 2020 bekend makke

De nominearren foar de ferkiezing fan de Fryske ûndernimming fan 2020 binne bekend. De bedriuwen Maarsingh & Van Steijn yn Ljouwert, MplusKASSA yn Ljouwert, Oreel Groep yn Hallum, Spinder Stalinrichtingen yn Drachten, FrieslandLease yn Drachten en UCC Coffee yn Boalsert binne de seis ûndernimmingen dy't kâns meitsje op de titel.
Bakker Transport op It Hearrenfean wie yn 2019 de Fryske ûndernimming fan it jier © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Neffens de organisaasje fan de ferkiezing binne it bedriuwen dy't yn harren brânsj it ûnderskied meitsje. De winner fan de priis wurdt keazen troch in sjuery dy't de ûndernimming beoardielet op it mêd fan ûnder oare strategy, ynnovaasje en bedriuwsfiering.
Op 2 maart moatte de bedriuwen harren presintearje oan de sjuery en dy kiest dan trije finalisten. Op 7 april wurdt de winner bekend makke.

30e kear

De ferkiezing foar Fryske ûndernimming fan it jier wurdt dit jier foar de 30e kear hâlden. Lanlik sjoen is de provinsjale priis ien fan de âldste ûndernimmersprizen. De organisaasje wol kreativiteit en fernijing op it mêd fan ûndernimmerskip yn Fryslân stimulearje en wurdearje.