2000 euro boete foar Omrin

10 jul 2012 - 12:28

De reststoffe-enerzjysintrale yn Harns moat in boete fan 2000 euro betelje foar it net melden fan it insident mei de reekwolk. Ferline jier rekken twa kraanmasinisten net goed doe't der tefolle soere stoffen út de piip kamen. De REC makke hjir gjin melding fan wylst dat ferplicht is.

De offisier fan justysje easke in boete fan 10.000 euro, omdat der sprake wêze soe fan it mei opsetsin net melden. Mar de rjochter giet dêr net yn mei. By de REC is neffens de rjochter gjin bedriuwskultuer dy't der op rjochte is saken net te melden.

Trefwurden: 
REC boete Omrin
(advertinsje)