Noardlike brouwers meitsje histoarysk bier yn Harns

06 jan 2020 - 09:01

In grutte groep bierbrouwers út Noard-Nederlân sil moandei yn Het Brouwdok yn Harns oan de slach mei in histoarysk bierresept. Yn it Midsiuwske bierke sitte lokale yngrediïnten, lykas Hollânske mout en noardlik hop. De opbringsten fan it bysûndere bierke gean foar in grut part nei it ûnderhâld fan it oargel yn de Martinitsjerke yn Grins.

Gerard Ypenga fan Het Brouwdok fertelt oer it resept foar it Midsiuwske bierke. "Yn ús botteltank kin wy sa'n 4000 liter bottelje. Wy ha hjir in moderne brouwerij, dêr't wy yn Harns hiel wiis mei binne. Yn dit âlde resept wurkje se in hiel soad mei hjouwer, dat wy apart behannelje omdat it in hiel bysûndere grûnstof is."

Bierfestival

Elk jier wurdt der foarôfgeand oan it Bierfestival yn Grins ien resept útsocht dat makket wurdt. Sa'n resept komt út âlde boeken en argiven. Ek hobbybrouwers wurde útnûge om sa'n âld resept te meitsjen.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

It bysûndere oan dit bier is dat in soad yngrediïnten út de regio komme. "Yn Grins is in boer dy't hop tylt, dat wy brûke. Datselde jildt foar de hjouwer, dy't út de omjouwing komt. Sa wolle wy de âlde bierstijl sa folle mooglik neimeitsje."

Gerard Ypenga fan Het Brouwdok

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Duco Dokter skarrele it resept foar it Midskiuwske bierke op. "Yn dy tiid wie bier hiel wichtich foar in stêd, om't minsken der belesting foar betelje moasten. Fandêr dat der foarskriften makke waarden mei wat der wol en net yn it resept sitte mocht."

Oan it brouwen fan it bier giet in lange tarieding foarôf. Nei de brouwdei moat it bierke boppedat noch in hiel skoft bekomme, foardat er preaun wurde kin. Pas yn april wurdt it nije bierke offisjeel presintearre.

Het Brouwdok

De ôfrûne jierren wie it brouwen fan in tradisjoneel bierke in fêste tradysje yn Grinslân. Dit jier sil in Fryske brouwerij foar it earst dit bier brouwe. Het Brouwdok yn Harns is in ûnôfhinklike brouwerij, de ienichste bûtendykse brouwerij yn de wrâld.

Bierbrouwer Duco Dokter

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Trefwurden: 
Harns Brouwdok bierbrouwerij
(advertinsje)
(advertinsje)