Kollum: "De Sjaak"

"Hiel Nederlân siet op nijjiersdei yn spanning foar de telefyzje doe't bekend makke waard wêr't de reade frachtwein fan de Postcode Loterij dit kear hinne ride soe. It waard úteinlik Nieuw-Vennep, dêr't seis famyljes in luttele 27 miljoen euro ferdiele meie. Der wurdt yntusken al drok rekkene, want elkenien wol fansels witte hoefolle er wûn hat. Hoe mear, hoe better. Alteast, dat soest tinke.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Nynke van der Zee
It is al wer in skoft lyn dat ik de dokumintêre '1 Dorp, 1 Postcode, 43 Miljoen' seach, wêryn't winners fan grutte jildbedraggen yn Seelân harren ferhaal diene. In stik of fiif miljonêrs lieten sjen hoe't it harren - nei it winnen fan in lotterij - fergien wie. En riedst it al: hast net ien wie der echt gelokkiger op wurden.
Ien famylje stiet my noch altyd by: Sjaak en Carine. Ek sy wûnen in miljoen en koenen yn ienen alles keapje dat los en fêst siet. Harren each foel op it stikje grûn dat al jierren yn de famylje wie, moai bûtenút. Ek broers en susters woene dêr graach wenje, mar hiene it jild net. Dus doe't it jild samar ynienen op harren rekken stie, kocht it miljonêrsstel as de wiedeweerga it stikje lân.
Op it prachtplakje stampten se yn no time in lúkse filla út de grûn. In moaie keuken, in grutte badkeamer, in joekel fan in wenkeamer. It waard in nij hûs mei alles der op en der oan.
Sittend op de bank bleau it lang stil doe't presintator Patrick Lodiers frege oft it foar rûzje soarge hie yn de famylje. It antwurd wie ja. Dat wie it priiskaartsje dat se betelle hiene foar harren rykdom. Rûzje yn de famylje. Se hiene wol in moai hûs, mar famylje kaam der net mear oer de flier.
Ik leau dat lotterijen tsjintwurdich saneamde 'miljonairstrainingen' jouwe. Nei it winnen fan in grut bedrach krijst les yn hoe'tst omgiest mei al dat jild. Want hoe stapst de kroech yn neidatst fiif miljoen wûn hast? Elkenien ferwachtet op syn minst ien rûntsje. En net allinnich hjoed, mar ek nije wike. Do hast ommers jild genôch.
Hoe giest om mei fersiken fan freonen en famylje om jild te lienen? Of brutaler noch: om harren in skinking te jaan. Do hast ommers dochs jild genôch, dus doch net sa krinterich. Goede doelen dy't by dy oan de doar stean of ûndernimmers mei in fantastysk businessplan, dêr't se allinnich noch in goeie ynvestearder foar sykje.
It liket allegearre moai, sa'n megapriis winne. Mar it is noch net sa ienfâldich om echt gelokkich te wurden fan in protte jild. As winner kinst ûnderoan de streep úteinlik ek de grutte ferliezer wurde. Dan bist krekt as Sjaak en Carine de sjaak."