Dronken man falt fan dak by kroech op De Gordyk

06 jan 2020 - 07:13

In man is yn de nacht fan snein op moandei ferwûne rekke nei't er op De Gordyk fan it dak fan in kroech oan de Haadstrjitte foel. Neffens tsjûgen wie de man dronken en woe er it kafee yn, mar stie er foar in tichte doar. Doe betocht er om fia it dak binnen te kommen.

Foto: De Vries Media

De dronken man besocht earst noch om efterom binnen te kommen yn de kroech, mar it stek dêr siet ticht. Doe't er fia it dak oer it stek klimme soe, foel er nei ûnderen. It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
De Gordyk dronken kroech
(advertinsje)
(advertinsje)