Facelift foar swimbad Nij Sudersé op De Lemmer

06 jan 2020 - 06:54

Ynwenners fan De Lemmer koene it ôfrûne wykein yn de kunde komme mei harren swimbad 'nije styl'. Martin en Jinke Doef binne de nije eksploitanten fan swimbad Nij Sudersé en se ha drok dwaande west om it swimbad yn dy nije styl oan te klaaien.

Foto: Shutterstock.com

"De earste reaksjes wienen posityf, leuk kleurke en leuke oanklaaiing", fertelt Martin Doef. "Sa'n momint is fansels altyd spannend, mar wy hienen wol goeie reaksjes ferwachte. Wy ha wat mear kleur oanbrocht yn it swimbad en wat mear planten delsetten. Dat is de earste faze fan de opknapbeurt." Der binne noch mear plannen foar de balys en de entree. Ek dy wurde noch fernijd. En der komt led-ferljochting yn it swimbad.

In bytsje 'lokke'

Martin en Jinke Doef binne net folslein ûnbekend yn de swimwrâld. Martin: "Ik ha in pear jier bedriuwslieder west yn De Rolpeal yn Warkum. Doe't dit swimbad op De Lemmer frijkaam, like ús dat in moaie kâns." Mei de opknapbeurt wolle Martin en Jinke harren eigen draai jaan oan it swimbad. Martin: "Jo moatte de minsken dochs in bytsje 'lokke'. Wy sille ek mear aktiviteiten organisearje foar de bern en âlderen."

Offisjele iepening

Nije wike sneon is de offisjele iepening fan it fernijde swimbad. Dan wurdt ek it nije logo bekend makke. Fan 14.00 oant 16.00 oere is der in ynrinmiddei, sadat elkenien it fernijde swimbad besjen kin.

Martin Doef fan swimbad Nij Sudersé

(advertinsje)
(advertinsje)