Brân yn Akkrumer pizzeria La Copita

06 jan 2020 - 06:25

By in brân yn de Akkrumer pizzeria La Copita is sneintejûn grutte skea ûntstien. De melding kaam efkes nei alve oere binnen.

Om't de flammen nei bûten útsloegen, is behoarlik grut ynset. De korpsen fan Akkrum, Grou en It Hearrenfean kamen yn aksje. De brân begûn op de earste ferdjipping. It gebou stiet oan beide kanten ticht op oare bebouwing, dus it wie saak om útwreiding fan de brân foar te kommen.

Brân master

De brânwachtkorpsen wisten de brân yn in oere tiid ûnder kontrôle te krijen. De stifting Salvage is ynskeakele om de dupearren te helpen mei de skea. Der is in soad brân-, reek- en wetterskea.

De brânwacht by de pizzeria - Foto: Camjo Media/Jaring Rispens
(advertinsje)
(advertinsje)